Gjin maatregels kickboxgala

De eardere finzenis Blokhúspoarte (foto: Omrop Fryslân)
De organisaasje fan in kickboxgala yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert nimt gjin ekstra feiligheidsmaatregels nei de opskuor fan dit wykein op in boxgala yn Hoorn. Yn in sporthal ûnstie sneontejûn fjochterij. Derby waard ek yn de loft sketten. In 29-jierrige Ljouwerter besiker rekke slim ferwûne.
De organisaasje fan it kickboxgala yn de eardere Ljouwerter finzenis seit de befeiliging by it evenemint goed regele te hawwen. It gala yn Ljouwert is op 18 juny.