Lûdsoerlêst by keet Sigerswâld

De plysje hat sneintenacht in soad wurk hân fan lûdsoerlêst by in keet yn Sigerswâld. Om kertier foar trijen kamen der klachten oer tige lûde muzyk. Aginten joegen in warskôging, mar in oere letter wie it wer mis. De plysje hat doe de muzykynstallaasje yn beslach naam. Dêrby gedroegen trije jongemanlju, fan 17, 18 en 20 út Sigerswâld en De Wylp harren ferfelend.
De trije binne oanhâlden en meinaam nei it buro.