Buertbemiddeling wreidet út

15 maaie 2011 - 16:58

De buertbemiddeling wreidet út fan 'e gemeente Ljouwert nei hiel Fryslân. Mei buertbemiddeling besykje frijwilligers foar te kommen dat kreauwerij tusken buorlju út de hân rint. Yn Ljouwert wurdt dêr hieltyd mear gebrûk fan makke.

De útwreiding bart op fersyk fan ûnder oare wenningstichtings. Foar de bemiddeling moat tenei wol in lytse fergoeding betelle wurde. Troch in subsydzje fan 'e gemeente Ljouwert hoegde oant no ta net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)