De Groot kening yn Stiens

It winnend partoer yn Stiens (foto: Henk Bootsma)
It partoer fan opslagger Jan Dirk de Groot hat snein yn Stiens de frije formaasjepartij yn de haadklasse wûn. Yn de finale wiene de Groot-en-dy mei 5-2 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Martijn Olijnsma. De Groot waard ek de kening fan de dei.
Der stiene mar acht partoeren op 'e list, omdat it Stienzer keatsbestjoer fan miening is dat de kwaliteit fan de haadklasse net heech genôch is foar in list mei tsien partoeren.