Snits WS spilet neikompetysje

15 maaie 2011 - 16:02

Snits Wyt Swart moat yn promoasje- en degradaasjewedstriden it plak yn de sneinshaadklasse fan takom jier feilich stelle. Der waard snein wol mei 5-1 wûn fan WKE, mar troch oare útslaggen yn de haadklasse koene de Snitsers net nei in feilich plak op de ranglist klimme. Grutte man wie Ramon Giró Batalla dy't trije kear skoarde. Smaal en ynfaller Osinga skoarden de oare doelpunten. Yn deselde haadklasse ferlear FVC mei 6-1 fan Hoogeveen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)