Auto útbaarnd yn Ljouwert

15 maaie 2011 - 15:03

De plysje docht ûndersyk nei it útbaarnen fan in auto yn Ljouwert. De wein stie oan de Corellistrjitte en fleach sneontejûn om kertier foar tsienen yn 'e brân. De brânwacht wie der gau by, mar koe net tefoaren komme dat de auto dochs ferlern gie.

Brânstichting wurdt net útsluten. De 19-jierrige eigner fan de auto hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)