Fartocht foar hendikepte bern

15 maaie 2011 - 14:45

De fartochten yn Ljouwert foar bern mei in beheining hawwe sneon 15.000 euro opbrocht. Sawat 150 bern waarden op preammen en sloepen troch de grêften fearn. Op de wâl wiene muzykoptredens en in demonstraasje fan de brânwacht. De tocht is in inisjatyf fan de Lionsclub Ljouwert.

Der wie ek in kollekte. Mei dat jild en it sponsorjild foar de tocht kaam der in flink einbedrach út. Dat jild giet nei sport foar Friezen mei in beheining.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)