Van der Duim wint finale

15 maaie 2011 - 13:57

Tennisser Antal van der Duim hat snein it Futuretoernoai yn it Italiaanske Napels wûn. De âld-ynwenner fan Finkegea wie yn de finale mei 6-2 en 6-4 te sterk foar de Australyske James Lemke. Dat is in knappe oerwinning, omdat Lemke folle heger op de ATP-ranglist stiet. De Australiër stiet op plak 237 en dat is heger as plak 661 fan Antal van der Duim.

Nei in perioade mei in blessuere is de titel in bekroaning foar Van der Duim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)