Aksje tsjin krimp Feanwâlden

It sintrum fan Feanwâlden (foto: Omrop Fryslân)
Ynwenners fan Feanwâlden kamen sneon yn aksje tsjin de leechrin. De ôfrûne jierren hat it doarp sawat 400 ynwenners minder krige. Feanwâlden is dêrmei krimpdoarp nûmer ien.
Mei ferskate aktiviteiten hat it doarp himsels sneon sjen litten. Der waard ek in plan tsjin de leechrin oanbean oan deputearre Konst. Dat plan is makke yn gearwurking mei de gemeente Dantumadiel. Konst wol mei de gemeente prate oer de krimp yn Feanwâlden. Hy koe gjin jild tasizze.