Motorrider slim ferwûne
In motorrider út Balk (43) is sneontenacht slim ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man gie troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút op in rotonde yn de Suderséwei.
It slachtoffer is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it Universitair Medisch Centrum Groningen. By de helpferliening waard ek in tal ambulânses ynset.