Rekôrtal kuierders Bakkefean

De tredde edysje fan de Drie Provinciën Wandeltocht hat sneon mei 3000 kuierders in rekôrtal dielnimmers lutsen. By de tocht út Bakkefean wei koene trije rûtes folge wurde troch de natuer om it plak hinne.
De tocht hat 15.000 euro opsmiten. Dat jild giet nei it beweechprojekt fan Visio, in organisaasje foar minsken dy't blyn binne of min sjogge. Dy keapet der tandems en duofytsen foar. Ferline jier diene 2200 kuierders oan de tocht mei.