Pieter Weening wer yn it rôze

Pieter Weening yn de Giro d'Italia
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat sneon yn de Giro d'Italia yn de etappe fan fan Sapri nei Tropea de rôze liederstrui behâlde kind. Yn in frij flakke etappe oer 217 kilometer kaam syn kopposysje net yn gefaar.
Yn de lêste kilometers foar de finish sprongen de Italiaan Oscar Gatto en de Spaanske favoryt Alberto Contador fuort út de kopgroep. De oerwinning yn de achtste etappe gie nei Gatto. Snein fytst Weening yn it rôze de Etna op.