ONS Snits: gjin perioadetitel

14 maaie 2011 - 16:58

It is ONS Snits yn de haadklasse C sneon net slagge de ferfangende perioadetitel te pakken, sadat de Snitsers spylje foar promoasje nei de topklasse. De ploech fan trainer Jan Vlap helle mei 5-0 tsjin Nunspeet wol út, mar de útslaggen fan oare duels pakten foar ONS net geunstich út. Mei in fjirde plak is Snits foar dit seizoen klear.

Yn Nunspeet skoarden Martijn Roosenburg, Cutrick Gonzales (2x), Patrick Goedhart en Bieuwe Pruiksma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)