Makkingea wol 'ien museum'

Museum Oold Ark en de nôtmole De Weyert yn Makkingea wolle ien ambachtlik museum wurde. It ôfrûne jier is hurd wurke oan de ferbou fan de musea. Boargemaster Oosterman fan Eastellingwerf hat sneon beide kompleksen dy't tsjin mekoar oan lizze, offisjeel iepene.
Der komme in lyts 2000 besikers jiers. Der is no in winkeltsje, nije treppen, in útstallingsromte en in kursusromte by kaam. Santich frijwilligers hâlde it museum en de mûne draaiende.