Bedrigers oanhâlden

14 maaie 2011 - 13:59

In Grouster fan 19 jier is yn syn eigen wenplak oanhâlden foar bedriging fan de plysje. Dat wie freedtejûn op it Halbertsmaplein by fjochterij.

Op it Waachplein yn Ljouwert binne in Frjentsjerter en in man mei ûnbekend wenplak oanhâlden foar bedriging fan meiwurkers fan in poolsintrum oan de Weerd. Plysjes seagen twa manlju achter de fertochten oan rinnen. Dy wiene dêrfoar útnaaid sûnder te beteljen. Doe't se dêrop oansprutsen waarden, hiene se it personiel bedrige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)