Ten Rouwelaar wer by Oranje

14 maaie 2011 - 13:25

De Fryske keeper Jelle ten Rouwelaar fan NAC is opnij opnaam yn de foarseleksje fan it Nederlânsk alvetal. Hy is ien fan de fjouwer keepers dy't troch bûnscoach Bert van Marwijk oproppen is. Fan harren moat úteinliks noch ien ôffalle foar de wedstriden tsjin Brazilië en Oerûguay op 4 en 8 juny.

It is de twadde kear dat Ten Rouwelaar by de Nederlânske seleksje sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)