Man oerriden troch trekker

14 maaie 2011 - 12:24

In 32-jierrige man út Ingelân is by in ûngelok op in pleats oan de Bloksleat by De Broek ferwûne rekke. Hy wie dêr op besite en kaam troch noch ûnbekende oarsaak ûnder in trekker dy't oer it hiem ried. De trekker waard bestjoerd troch in 32-jierrige man út De Broek. Dy hat it slachtoffer net sjoen. It slachtoffer is foar observaasje nei it sikehûs brocht, mar syn ferwûnings foelen ta. Der stiet de man neat mear by fan it ûngelok. De arbeidsynspeksje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)