Lintsje foar Jobbegeasters

Jelle Luchtenveld en Alo van der Wal út Jobbegea binne beneamd ta Lid yn 'e Oarder fan Oranje Nassau. De twa krije de ûnderskieding benammen omdat se harren bot ynset hawwe foar de bou fan De Kompenije. Dat is it nij multyfunksjoneel gebou yn Jobbegea.
De ûnderskieding waard Luchtenveld en Van der Wal freedtejûn opspjelde by de iepening fan it gebou. Dat waard dien troch loko-boargemaster Buwalda fan Hearrenfean. De Kompenije is de opfolger fan de Expansiehal.