Nij ûnderkommen argyf Harns

14 maaie 2011 - 08:40

It stedsargyf fan Harns hat in nij ûnderkommen. It sit no yn spesjaal ynrjochte romte yn it Hannemahûs. Yn it gemeentemuseum binne se der hiel bliid mei, want de skiednis fan sa'n 150.000 Harnzers is no folle makliker werom te finen. It stedsargyf siet earst yn in kelder ûnder it riedshûs. Dy romte wie net geskikt om stikken lang goed te bewarjen. It Hannemahûs hat klimaatbehearsking. Boppedat wie it yn de kelder dreech saken werom te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)