Top NNO wer folslein

13 maaie 2011 - 19:36

De Grinzer Henk Pijlman wurdt fan 1 juny ôf de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan it Noard Nederlânsk Orkest. Hy folget hjirmei Joop Atsma op dy't yn oktober 2010 ôfskie naam yn ferbân mei syn beneaming ta steatssekretaris.

Pijlman wie lange tiid wethâlder fan de gemeente Grins. Sûnt 2000 is er lid fan it kolleezje fan bestjoer fan de Hanzehegeskoalle fan Grins. Mei de oanstelling fan Pijlman is de top fan it NNO wer folslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)