Spaansen fergoedet reizgjen

Betonflierbedriuw Spaansen yn Harns sil de meiwurkers dy't tenei nei Kampen moatte in fergoeding betelje foar de ekstra reistiid. De fakbûnen hiene dat easke.
It betonflierbedriuw wol de aktiviteiten ferpleatse nei Kampen, mar de bûnen en de wurkjouwer kamen net út it punt fan de fergoeding fan de reistiid. Fan de 88 meiwurkers moatte 34 fan july ôf hinne en wer reizgje yn buskes fan it bedriuw.