Kraan tsjin fiadukt Ofslútdyk

13 maaie 2011 - 17:04

Op de Ofslútdyk is by Breesândyk in freed in frachtwein mei in kraan tsjin it fiadukt oanriden. De kraan is yn brokstikken op de dyk bedarre. It fiadukt hat sa folle skea dat Rykswettersteat besletten hat it tydlik ôf te sluten foar alle fekear.

Ien rydbaan rjochting Fryslân is ôfsletten. De plysje ferwachtet dat it ferkear dêr de kommende tiid noch in soad lêst fan hawwe sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)