Ykema hâldt op by APPM

Jan Ykema
Jan Ykema moat ophâlde as trainer fan de reedridersploech APPM. Dat hat er freed op Twitter bekend makke. It management fan APPM wol dat Ykema net langer reklame makket foar syn eigen priveesponsor Zeromix. Dat bedriuw betellet Ykema, wylst er by APPM net op 'e leanlist stiet.
Ykema kin by it gewest Fryslân oan de slach as assistint-trainer. Sneon stiet foar it gewest de earste training op it program.