Van der Duim yn heale finale

13 maaie 2011 - 16:41

Tennisser Antal van der Duim hat de heale finale fan in Futuretoernoai yn Napoli helle. De âld-ynwenner fan Finkegea wûn mei 6-0 en 7-5 fan de Italiaan Claudio Grassi, dy't op de ATP-ranglist sa'n 300 plakken heger stiet.

Van der Duim is sûnt begjin dit jier wer hielendal hersteld fan ferskate blessueres en set de lêste moanne wer aardige resultaten del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)