Ron Jans moat puzelje

13 maaie 2011 - 15:24

Trainer Ron Jans moat foar de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin Roda JC ymprovisearje. Mar leafst acht spilers binne net beskikber. Väyrynen is skorst. Breuer (foet), Jong-A-Pin (skouder), Kruiswijk (kût), Stuhr Ellegaard (knibbel) en Steppe (hân) binne blessearre en Michal Svec reiziget fanwege privee-omstannigheden net ôf nei Limburch.

Nei alle gedachten lit trainer Ron Jans syn ploech mei trije ferdigeners spylje (Haglund, Djuric en Gouweleeuw).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)