Trekker op kop yn de sleat

Foto: Omrop Fryslân
By in ûngelok op de Rykswei by Noardburgum binne freedtemiddei twa ferwûnen fallen. De bestjoerder fan in trekker moast útwike foar in automobiliste dy't fan de Koaiwei kaam.De bestjoerster hat mooglik de trekker oer 'e holle sjoen.
De karre achter de trekker rekke dêrtroch op 'e kop yn 'e sleat. Sawol de bestjoerder as de passagier binne foar kontrôle nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.