'Stek peaskefjoeren sneon oan'

13 maaie 2011 - 14:41

Weststellingwerf lûkt op fersyk fan de brânwacht it smook- en stookferbod yn. Minsken mei in peaskebult moatte dy dit wykein yn 'e brân stekke. It hat de ôfrûne dagen reind en der is gjin gefaar mear foar grutte natoerbrannen. Mooglik komt der wer in lange perioade fan droechte. Dêrom docht boargemaster Van Klaveren it fersyk om lizzende peaskebulten sneon of snein yn 'e brân te stekken.

Eaststellingwerf luts freed ek it smook- en stookferbod yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)