Nij klupgebou fytscrossers

13 maaie 2011 - 14:12

De fytscrossers fan Noardburgum hawwe wer in eigen klupgebou. Trije jier ferlyn gong it âlde gebou yn flammen op, mar troch help fan frijwilligers en sponsors koe tongersdei einliks it nije ûnderkommen iepene wurde.

It nije gebouw is hast fjouwer kear sa grut as it âlde. Dat is ek wol nedich, want de klup is groeiende, fan 25 leden yn 2008, nei 85 no. Noardburgum hat de iennige fytscrossklup fan Fryslân. De leden komme út 'e hiele provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)