Paradyske minder faak iepen

© Omrop Fryslân
Swimbad It Paradyske yn Kollum is faker ticht as it min waar is. Dêr binne benammen de troch-waar-en-wyn-swimmers lilk om. Troch weromrinnende besikerstallen is it foar eksploitant Optisport dreech slutend te draaien. Dêrom binne se minder faak iepen.
De koartere iepening is in striid mei it kontrakt mei de gemeente. Dêr stiet yn dat it swimbad wyks minimaal 41 oeren iepen wêze moat en dêr komt it swimbad net oan ta. It bad giet pas iepen as it 18 graden of waarmer is.