Minder plysje by fuotbal

13 maaie 2011 - 12:28

By de thúswedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean wurdt takom seizoen minder plysje ynset. Dat kin troch plysjes oars yn te setten en faker de kombinaasje tagongskaartsje-busferfier te brûken. De plysjes hâlde net mear standaard tafersjoch by de wedstriden, mar se binne opropber as ME'ers. Se komme dan fuortendaliks yn aksje. De feiligens is neffens de plysje net yn gefaar. By alle wedstriden is de ekstra plysje fuortendaliks opropber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)