Froulju Hearrenfean ferlieze

13 maaie 2011 - 12:10

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat de kompetysje ôfsletten mei in nederlaach. Yn Alkmaar gongen de froulju fan trainer Rick Mulder tongersdei mei 3-1 ûnderút tsjin AZ. By it skoft stie AZ al 3-0 foar. De froulju einigje de kompetysje op it fjirde plak mei 34 punten, tsien minder as kampioen FC Twente.

Op 21 maaie kin de ploech it seizoen dochs noch moai ôfslute. Dan stiet yn it eigen stadion de bekerfinale op it programma, op 'e nij tsjin AZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)