Gokje mei eigen bertedatum

Foto: Omrop Fryslân
Minsken út it Noarden jouwe likefolle út yn it kasino as se yn it foar yn de holle hiene. Dat docht bliken út ûndersyk fan Holland Casino. It kasino hat it gokgedrach fan besikers ûndersocht en no foar it earst nei bûten brocht.
Ut it ûndersyk komt ek nei foaren dat Noarderlingen it leafst mei famylje in jûn nei it kasino gean. As se in getal kieze moatte foar in gokje op de rûlettetafel, dan nimme se meastal de eigen bertedatum.