Smookferbod wer opheft

13 maaie 2011 - 10:35
Foto: Omrop Fryslân

It stook- en smookferbod yn Eaststellingwerf wurdt wer ynlutsen. Dat hat de gemeente besletten op advys fan de brânwacht. Mei it each op de waarsferwachting fynt de brânwacht it ferbod net langer needsaaklik.

Mei yngong fan sneon mei yn bosken en natuergebieten wer smookt wurde. It ferbod hat mear as in moanne fan krêft west.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)