Barkrukken yn reidkraach

13 maaie 2011 - 10:24

De plysje yn Warten hat tongersdei fjouwer jonge ynbrekkers oanhâlden fan 15, 16 en 20 jier. De plysje hie tips fan tsjûgen krige dy't de fjouwer mei in boat fol stellen guod sjoen hiene. Doe't de plysje harren oanhâlde, wie it guod fuort. It waard yn 'e reiden weromfûn.

De bûtenboardmotor, barkrukken en in sulveren betsjinblêd wiene stellen út in hok fan in 51-jierrige man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)