Jild nedich foar tsjerke Húns

12 maaie 2011 - 21:59

De tsjerke yn Húns moat foar 450-tûzen euro restaureare wurde. It ryk hat al goed 2,5 ton subsydzje tasein, de oare twa ton moatte de ynwenners fan Húns sels ophelje. De tsjerke is der min oan ta. Benammen de top fan it gewelf en it hôf binne oan restauraasje ta.

De bingel (klepel) fan de klok hat it yntusken al bejûn. Begjin dizze moanne foel dy nei ûnderen ta. De restauraasjekommisje hopet nei de boufak útein te setten mei de restauraasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)