Weening hâldt liederstrui

12 maaie 2011 - 17:37

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hâldt de rôze liederstrui yn de Ronde fan Italië. De rit fan tongersdei oer 216 kilometer einige yn in massasprint. Weening finishte yn it peloton. Hy hat in foarsprong fan twa sekonden op de nûmer twa, de Italiaan Pinotti. Weening wûn woansdei de fyfde rit yn de Ronde fan Italië. Hy pakte doe ek de rôze liederstrui.

Weening sil syn liederstrui, mei hanteken, oanbiede oan de famylje fan de ferûngelokke fytser Wouter Weylandt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)