Legionella yn swimbad Snits

© Omrop Fryslân
Yn de dûsen fan swimbad De Rak yn Snits is de legionellabaktearje oantroffen. Dy feroarsaket de feteranesykte. Troch it ynasemjen fan wetternevel kinne minsken dy sykte opdwaan. De dûsen binne fuortendaliks ôfsletten. Sadwaande hat der gjin gefaar foar it publyk west.
Nei de oarsaak fan de legionellabesmetting yn De Rak wurdt noch ûndersyk dien. It swimbad en it fitnessintrum binne gewoan iepen foar publyk.