Heger berop ûngelok Junokade

12 maaie 2011 - 15:33

In Ljouwerter (22) is yn heger berop feroardiele ta tolve moanne selstraf, wêrfan trije ûnder betingst. Hast twa jier ferlyn wie er belutsen by in ûngelok op de Junokade yn Ljouwert. Dêrby kaam in motorrider fan 24 jier om it libben.

De rjochtbank lei him ek 12 moanne op, mar it iepenbier ministearje gie yn berop. It ministearje fynt dat de Ljouwerter ek feroardiele wurde moat foar it feroarsaakjen fan it ûngelok en net inkeld foar gefaarlik riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)