CAO-oerlis mei Bovag fêstrûn

Der is noch altyd gjin nije CAO foar garaazjes en fytswinkels. Fakbûn FNV Bondgenoten en de BOVAG binne it nei twa ûnderhannelingsronden noch net iens wurden. It fakbûn wol de leanen mei 2,5 prosint omheech hawwe yn in jier tiid, de BOVAG giet net fierder as 2,4 prosint yn santjin moannen.
Oer ôfspraken op it mêd fan opliedings, it sparjen fan fakânsjedagen en de feiligens is it fakbûn wol posityf. Op 25 maaie is der wer nij oerlis oer de CAO.