Drugsdealer op it Fliet pakt

12 maaie 2011 - 14:10

In man fan 23 jier is woansdeitemiddei op it Fliet yn Ljouwert oppakt foar it by him hawwen fan harddrugs. In buertbewenster warskôge de plysje dat der in drugsdealer by har yn 'e strjitte rûn. By it sjen fan de plysje naaide de oanwiisde persoan gau út.

Letter waard deselde man oanhâlden mei 124 gram heroïne, 36 gram kokaïne en jild yn 'e bûsen. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)