Pakketsje bliuwt mystearje

Foto: Omrop Fryslân
De plysje hat noch altyd gjin idee wa't ferline wike moandei in fertocht pakketsje dellein hat op de Turfmerk yn Ljouwert. De plysje wol ek net sizze wat yn it pakketje siet, útsein dat it wol serieus wie. De spoaren op it pakketsje wurde ûndersocht.
Neffens de plysje hawwe de ynstânsjes goed hannele. In bomferkenner ûndersocht de doaze mei triedden en kaam ta de konklúzje dat der mooglik gefaar wie. Dêrnei it de strjitte foar in part ôfset.