Ferbou lykhúske giet stadich

12 maaie 2011 - 12:41

De ombou fan it lykhúske op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert ta teehûs giet folle stadiger as tocht. It teehûs hie yn 2009 klear wêze moatten, mar it avensearret net. Under oare troch de ekonomyske krisis is der te min jild. Mei jild fan sponsoaren wurkje frijwilligers no stiloan troch.

Der wurdt no tydlik inkeld sneins tee skonken yn de aula op it begraafplak. Dêr komme 20 oant 40 besikers op ôf. It nije teehûs sil alle dagen iepen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)