Rôze auto nei winst Weening

12 maaie 2011 - 12:26

Frank Wierstra út Burgum hat syn auto rôze spuitsje litten nei de oerwinning fan Pieter Weening yn de Giro. Wierstra is in trainingmaat fan Weening. Hy hie Weening tasein dat er syn auto rôze spuitsje litte soe as Pieter de rôze trui pakt. Nei de etappe-oerwinning fan Pieter op woansdei lost er no syn belofte yn.

As Weening de boltsjetrui wint yn de Tour de France, moat de auto op 'e nij nei de spuiter, seit Wierstra. Dan krijt er it motyf fan de boltsjestrui.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)