Heger berop yn saak-Nij Beets

12 maaie 2011 - 11:20

De advokaat fan Sietske H. is yn heger berop gien tsjin de útspraak fan de rjochtbank fan 12 jier sel. Sietske H. út Nij Beets hat har fjouwer lytse poppen deade. De rjochtbank sjocht it deameitsjen fan de earst poppe as deaslach. Foar it ombringen fan de trije oare poppen is moard oplein.

Advokaat Barbara Klunder wol dat Sietske H. frijsprutsen wurdt fan it deadzjen fan de earste twa poppen. Foar de lêste twa soe gjin moard, mar deaslach oplein wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)