Frou berôvet man yn rolstoel

12 maaie 2011 - 11:08

Op it Saailân yn Ljouwert is moandeitemiddei in hendikepte man fan 20 jier bestellen. De man ried yn syn rolstoel op it plein en waard oansprutsen troch in frou. Se frege wêrt se in jildautomaat fine koe. It slachtoffer ried mei har mei nei de automaat en frege ûnderweis oft er ek jild wikselje koe.

Doe't de man syn beurs iepene, helle de oerfalster der jild út en rûn hurd fuort nei de Doelestege. De plysje siket tsjûgen fan de oerfal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)