Nij ûnderdak Goederenbank

Argyffoto Omrop Fryslân
De Goederenbank yn Ljouwert hat fan takom wike woansdei ôf nij ûnderdak. Op de Alddielstrjitte wurdt dan de nije festiging offisjeel iepene. De direksje is tige wiis mei it plak. Yn it gebou siet earder in kantoarynrjochtingsbedriuw. It gebou hat twa ferdjippings.
Yn july ferline jier baarnde de Goederenbank folslein ôf. De ynstânsje kaam dêrnei tydlik yn de sporthal fan de eardere Comeniusskoalle oan de Brandemeer, mar dy wie te lyts.