Motorrider slim ferwûne

11 maaie 2011 - 20:54

In motorrider is woansdeitemiddei slim ferwûne rekke oan in skonk, nei't hy op de Breebergwei by Waskemar tsjin in trekker botst wie. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Grins brocht.

De trekker kaam fan in brêge en woe de Breebergwei opride. Dêr botsten de trekker en motorrider op mekoar. Troch de klap kaam de motorrider yn in stik lân telâne. Fanwege de swiere ferwûnings waard de traumahely oproppen. Hoe't it ûngelok barre koe, wurdt troch de plysje ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)