Friesland Bank yn Rotterdam

11 maaie 2011 - 18:58
Foto: Omrop Fryslân

De Friesland Bank hat woansdeitemiddei offisjeel in kantoar iepene yn Rotterdam. Om dat ekstra te ûnderstreekjen hie de bank tsien skûtsjes nei de stêd helle dy't op de Maas in wedstryd fearen. Dêrnei iepene boargemaster Aboutaleb it kantoar offisjeel.

De Friesland Bank hat al mear kantoaren bûten de provinsje. De Bank wol yn de takomst ek útwreidzje nei Arnhem.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)