Alde lânbouwein yn museum

11 maaie 2011 - 16:55

It Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld hat in nije oanwinst. It giet om ien fan de earste lânbouweinen fan Miedema út Winsum dy't yn 1948 makke binne. De weinen waarden doe makke mei ûnderdielen fan âlde auto's. It frame fan dizze wein is makke fan âlde rails. Nei de oarloch wie nij materiaal hast net te krijen en moast alles opnij brûkt wurde.

Dizze wein is brûkt troch in boer út Ried, mar is yn 1990 werom kommen yn Winsum en dêr hielendal restaurearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)