Transfernijs SC Hearrenfean

Gerry Koning giet werom nei Volendam
Gerry Koning giet werom nei syn âlde leafde Volendam. De lêste twa jier kaam de ferdigener 26 kear út foar de Sportklup Hearrenfean. It kontrakt fan Koning by de Feansters rint ôf. Trije kear earder kaam Koning út foar Volendam.
Sylvia Smit ferlit it frouljusteam fan de Sportklup. Smit sil takom seizoen útkomme foar FC Zwolle. Trije jier lang wie de oanfalster súksesfol foar Hearrenfean. Twa kear waard se topskoarder fan de earedivyzje.